friesjournaal logo

REDUZUM – Schrijfster en dichteres Baukje Wytsma (Reduzum, 1946) werd 1 april 75 jaar. Ter ere van deze verjaardag was al afgesproken dat in april haar tiende dichtbundel met de titel Wyt ljocht zou verschijnen. Een grote verrassing was het voor haar toen uitgever Ernst Bruinsma van de Afûk voor de deur stond om haar het eerste exemplaar van haar nieuwe bundel aan te bieden. In het interview met Abe de Vries in het Friesch Dagblad zei de schrijfster over haar nieuwe bundel: ‘Myn lêste bondel Sân wylgen is fan 2010. Doe tocht ik dat it wol genôch wie.

Moatst der altyd ek wol de moed ta hawwe, it is allegear hiel tichtby dysels. Mar dochs kamen der sa no en dan wer gedichten foar it ljocht. Doe kaam de fraach fan de útjouwer om yn ferbân mei myn 75e jierdei in bondel út te jaan.’ 

‘Doe’t ik mei it gearstallen dwaande wie, seach ik dat der in oare diminsje yn it wurk kommen is, de dea is in belangriker tema wurden. Ik bin in mins fan lange freonskippen en ik ha in soad minsken dêr’t ik fan hold yn de lêste tsien jier ferlern. Dat gemis, dat fertriet docht wat mei dy. Dy minsken hearden by myn libben, fierôf of tichtby, sy wiene der, joegen kleur en fleur oan it bestean. Tink allinnich mar oan al dy Fryske skriuwsters út myn tiid dy’t der no net mear binne, mei guon wie ik o sa befreone. Fan ferlies wurdst ek bang. De nije bondel hat as titel Wyt ljocht. Yn dat wite ljocht is alle kleur fan it libben ferienige, de ein en it begjin ynien. Ik tink dat dat de kearn is fan dizze gedichten.’ 

Wyt ljocht, in suver en ynderlik ljocht. Wyt op syn helderst, dêr wêr’t alles begjint en einich is. Dêrtusken is libben, is tiid. Yn dizze romte belibbet elk minske syn eigen aventoer, ommers yn it wite ljocht rinne alle kleuren fan it libben gear. Soms falt alles teplak, alles wat is, alles wat wie, in eagenblik alteast kriget alles in djippere betsjutting. 

Baukje Wytsma is al 45 jaar actief in de Friese literatuur, vooral als kinderboekenschrijfster en dichteres, maar ze schreef ook toneelstukken, musicals en liedteksten (een van de bekendste is Bonkefeart, gezongen door Anneke Douma). In 2007 ontving Baukje de Fryske Anjer en in 2018 een koninklijke onderscheiding vanwege haar grote verdienste voor de Friese taal.

Albert van Keimpema

Partners